Stropers mei snoekbears oppakt

29 feb 2012 - 07:58

Twa fiskstreupers (20 en 26) út Snits binne tiisdeitejûn op de Sleattemermar pakt. Se binne betrape mei 700 meter steande-wand-fisknetten en in grutte partij snoekbears. It fiskjen mei sokke netten is ferbean, om't der net inkeld fisk mei fong wurdt, mar ek oare bisten as einen reitsje fêst en fersûpe. It is de grutste fangst dit jier, fan 200 kilo fisk, wêrfan 100 kilo snoekbears. De fisk hie yn de yllegale hannel 800 euro opsmite kinnen. De streupers binne heard.

Trefwurden: 
snoekbears streupers
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)