Noed oer briedfûgels yn Waad

05 nov 2014 - 16:13

Mei de briedfûgels yn it Waadgebiet giet it min. Dat docht bliken út in nij ûndersyk wêrby't alle beskikbere gegevens oer de lêste tweintich jier brûkt binne. As earste waard dat dúdlik by soarten dy't ôfhinklik binne fan droechfallende platen, mar no is it by alle soarten mis. It giet min mei de blauwe hoanskrobber, de klút, de fjildûle, de lytse bûnte wilster en de strânljip. Troch in nije ûndersyksmetoade te brûken wurdt ek mooglik wat yn de takomst te sjen. Ek yn de takomst set dizze trend troch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)