25 miljoen yn haven Skylge

Skylge © Omrop Fryslân
De haven fan Skylge moat de kommende jierren foar 25 miljoen oanpakt wurde. De jachthaven moat foaral feiliger en komfortabeler wurde en dêrfoar moat de havenkom útwreide wurde. Dêrneist moatte foarsjennings, lykas de fearboatsteiger, de parkearplakken en de kaden ferbettere wurde. Tiisdeitejûn hat de gemeenteried it havenplan fêststeld.
Yn 2009 hie de foarige ried ek al in havenplan fêststeld, doe wie de ynstek dat de haven foaral grutter moast, mar no giet it dus om mear komfort en feilichheid.
De gemeente hat in grut part fan it jild klearlizzen, mar hopet ek noch op in bydrage út it Waadfûns en bydragen fan merkpartijen. De plannen moatten oer 10 jier hielendal klear wêze.