Grouster oanhâlden foar oerfal

05 nov 2014 - 15:17

De plysje hat in 16-jierrige Grouster oanhâlden foar de oerfal op in snackbar oan Achter de Hoven yn Ljouwert. Op 16 oktober bedrige de jonge it personiel mei in fjoerwapen, naam jild mei en naaide út. In sykaksje smiet neat op.

Nei ûndersyk kaam de plysje de jonge op it spoar. By in besite oan syn hûs waard in nepwapen fûn. Oft dizze mei de oerfal te krijen hat, wurdt noch ûndersocht. De fertochte is ynsletten en wurdt heard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)