Drugshanneler oppakt
De plysje hat ferline wike in drugshanneler oppakt yn De Westereen. De 19-jierrige man út dat plak soe hannelje yn ûnder oaren XTC en speed. De arrestaasje makket ûnderdiel út fan in grutter ûndersyk nei drugshannel. De fertochte bliuwt minimaal twa wiken yn foararrest sitten.