Instagram blokkearret plysje

Plysje-embleem © ANP
It Instagram-akkount fan de plysje Noard-Nederlân is blokkearre troch Instagram. Wêrom't Instagram dat dien hat, is op dit stuit noch net bekend. De plysje siket út wêrom't it akkount blokkearre is. Fjouwer meiwurkers fan de plysje begûnen moandei mei in trije moannen duorjende proef, dêr't se nijs en foto's online by pleatse om minsken sjen te litten wat de plysje krekt docht.
Nei in dei wienen der al goed 900 minsken dy't it akkount folgen.