Eksternen nedich by projekten

05 nov 2014 - 13:07

It jild dat de provinsje besteget oan ekstern personiel giet net allinnich nei djoere adviseurs, mar ek nei leger oplaat personiel. Dat seit deputearre Johannes Kramer. Hy reagearret dêrmei op it ûndersyk fan de SP, dêr't út blykt dat Fryslân op it twadde plak stiet as it giet om it ynhieren fan ekstern personiel troch provinsje en grutte stêden.

Mear as 25 prosint fan de personielskosten giet nei eksternen. Neffens Kramer is dit persintaazje te ferklearjen trochdat de provinsje foar grutte wegebouprojekten tydlik ekstra minsken nedich hat.

De provinsje dy't de measte kosten makket oan it ynhieren fan eksterne adviseurs en konsultants, soe is de provinsje Noard-Hollân wêze, mei hast 34 persint fan alle personielskosten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)