Otterpassaazje by De Feanhoop

Otter © EPA
It Fryske Gea iepenet nije wike woansdei de fernijde otterpassaazje yn natuergebiet De Kraanlannen op De Feanhoop. By it natuergebiet wie al in dûker oanlein, dy't de otters brûke kinne om oer te stekken. Dochs stutsen noch altyd in soad bisten de dyk oer. Dêrom hat It Fryske Gea oan beide kanten fan de dyk in raster yn de berm pleatst fan goed 65 meter lang. Sa wurdt de otter twongen om fia de dûker nei de oare kant te gean.
Mei de fernijde otterpassaazje wol It Fryske Gea in foarbyld wêze foar oare partijen en ropt dy op om ek ferantwurdlikheid te nimmen as it giet om it oplossen fan knyppunten yn faunapassaazjes.