PvdA: jou krimpregio earmslach

05 nov 2014 - 11:40

De PvdA wol dat krimpregio's ôfwike meie fan de nasjonale wetjouwing om de problematyk fan de krimp oan te pakken. Provinsje en gemeente moatte net hindere wurde troch regels as se in inisjatyfplan hawwe, mar fuort oan de slach kinne. Dat sei Twadde Keamerlid Albert de Vries woansdei. De PvdA sil dêrom in inisjatyfwet meitsje.

De wet is in earste útwurking fan de inisjatyfnota 'Omgaan met krimp', dy't de PvdA yn maart dit jier presintearre. De Keamer praat woansdei oer dizze nota.

Seis gemeenten yn it noardeasten fan Fryslân binne woansdei oanwêzich yn de Twadde Keamer om de politisy te oertsjûgjen dat se as krimpregio oanwiisd wurde moatte. Mei dat offisjele predikaat hat de regio mear mooglikheden om mei dy krimp om te gean.

Trefwurden: 
PvdA Twadde Keamer krimpregio
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)