Wurksumheden oan Drachtsterwei

© Google Street View
De Drachtsterwei tusken krúspunt Suderbuorren en it Drachtsterplein is fan freedtejûn 22.00 oere oant sneontemoarn 03.00 oere ticht foar auto's. Ferkear dat Ljouwert yn wol, wurdt fan de Wâldwei ôf omlaat oer de Oeriselseleane. Automobilisten dy't de stêd út wolle, kinne wol gebrûk meitsje fan de Drachtsterwei.
De doarpen Goutum, Himpens-Tearns en de wyk Suderbuorren bliuwe wol berikber. Oannimmer Heijmans sil in stik asfalt yn de dyk ferfange. Troch de heiwurksumheden oan it akwadukt wienen der grutte skuorren yn de dyk kaam.