Teaterstik oer Jopie Huisman

05 nov 2014 - 10:26

De teaterfoarstelling 'Jopie' giet 15 jannewaris yn premjêre yn it Jopie Huisman Museum yn Warkum. De teaterfoarstelling oer de keunstner wurdt spile troch Thijs Feenstra, sels ek berne yn Warkum. It museum slút yn jannewaris de doarren fanwege in ferbouwing, mar de foarstelling is wol gewoan te besjen.

Oan de hân fan âlde lûdsfragminten, skilderijen en fideobylden sil Feenstra it ferhaal fan de ferneamde keunstner fertelle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)