"Wynmûnen moatte op fêste lân"

© Omrop Fryslân
De Feriening foar Kollektyf Besit fan Wynmûnen Noordenwind freget de Provinsjale Steaten om nochris goed te sjen nei it advys fan de Kommisje Winsemius foardat besletten wurdt wêr't de wynmûneparken yn Fryslân komme. Noordenwind pleitet om te kiezen foar de advizen fan Fryslân foar de Wyn. Wynmûnen op it fêste lân soenen neffens de feriening better wêze foar de provinsje. De produksje fan wynenerzjy op de Iselmar is boppedat in stik djoerder, seit de feriening.
Yn in iepen brief oan de Steaten pleitet foarsitter Rob Lijzenga foar in serieuze oerwaging fan de plannen fan Fryslân foar de Wyn.