Claus wint ferhalewedstriid

04 nov 2014 - 22:58

Marten Claus út De Harkema hat mei it ferhaal 'Harkemaster giel' in skriuwwedstryd fan folksferhalen wûn. De wedstryd waard hâlden troch de gemeente Achtkarspelen yn it ramt fan de betinking fan it 100e bertejier fan skriuwer Dam Jaarsma. It winnende ferhaal is mei njoggen oare ynstjoerings opnaam yn in boekje. Noël Hariri hat dêr yllustraasjes by makke.

Marten Claus hat as priis in ynliste yllustraasje krigen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)