Eigener koperen byldsjes socht

04 nov 2014 - 22:52
Foto: Omrop Fryslân

De plysje siket de eigener fan in tal brûnzen byldsjes. De byldsjes binne nei alle gedachten ein oktober stellen yn Burgum. It giet ûnder oare om twa koperen hynderkes en in helm. It guod waard fûn yn it hûs fan in fertochte fan ynbraak. De plysje freget minsken dy't mear witte har te melden.

(advertinsje)
(advertinsje)