Mear fytsklûzen by Ljouwert

04 nov 2014 - 22:39

De Ljouwerter wethâlder Thea Koster hat by Goutum ekstra fytsklûzen yn gebrûk naam, yn de striid tsjin tefolle autoferkear yn de binnenstêd. Der stienen al 30 klûzen by it doarp, dêr binne tiisdei nochris 17 by kaam. Doel is dat forinzen har auto by Goutum parkeare en dêr fierder gean op de fyts. Dy kinne se yn de klûzen stalle.

Neist by Goutum stean der ek fytsklûzen by it Kealledykje, Hemriksein, Wiardakompleks en WTC Expo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)