Friezen heech yn penis-top 12

04 nov 2014 - 13:32

Fryske mannen hawwe neat te kleien oer de lingte fan de penis. Dat docht bliken út ûndersyk fan in kondoomwebside. Fan 25.000 bestellings is sjoen hokker maat kondooms besteld binne en út hokker provinsje de bestelling kaam.

Yn Súd-Hollân wurdt it faakst de grutste maat besteld. Fryslân stiet op plak nûmer twa. Fryske manlju skoare dêrmei in stik 'grutter' as manlju yn buorprovinsjes Grinslân en Drinte. Dy fine we werom op plak 9 en 11.

Sa sjocht de folsleine Top 12 ‘grootst geschapen’ provinsjes derút:

1. Súd-Hollân
2. Fryslân
3. Noard-Hollân
4. Noard-Brabân
5. Utrecht
6. Gelderlân
7. Limboarch
8. Flevolân
9. Grinslân
10. Seelân
11. Drinte
12. Oerisel

Trefwurden: 
penis kondoom geslacht
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)