Ans Pon rykste Fries

04 nov 2014 - 12:40

Ans Pon fan Aldegea is op dit stuit de rykste ynwenner fan Fryslân. Sy stiet op nûmmer 60 yn de Quote 500, dy't tiisdei útkomt. Pon, goed foar in fermogen fan 260 miljoen euro, is ryk wurden nei't har broer Wijnand har út de autohannel kocht.

Op twa yn de rige rykste Friezen yn de Quote 500 stean Gerrit en Hans Mulder fan Grou, dy't dogge yn elektroanyske ynformaasjesystemen foar sikehuzen. De Snitser famylje Poiesz, fan de supermerken, is mei in fermogen fan 150 miljoen de rykste famylje fan Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)