Gefaren driuwsân ûnderskatten

De gefaren fan it driuwsân yn it park de Groene Long op De Gordyk binne swier ûnderskatten. Dat seit wethâlder Wietze Kooistra fan de gemeente Opsterlân. Moandei kaam in jonke fan 5 fêst te sitten yn driuwsân en moast der troch in foarbygonger út rêden wurde. It driuwsân komt út in fiver yn it park dy't op it stuit útbagere wurdt. Der stie gjin stek om it driuwsân hinne en ek wie der gjin warskôgingsboerd. Dat hie neffens wethâlder Kooistra wol moatten.
Yn it foar binne wol de omwenners en de skoallen yn de omjouwing warskôge foar de wurksumheden yn it park, mar mei it driuwsân wie gjin rekken hâlden. Tiisdei wurdt it gebiet om de fiver hinne dochs noch ôfsetten en it baggerwurk wurdt fersneld útfierd.