Ynbrekker oanhâlden yn Burgum

04 nov 2014 - 10:57

In 41-jierrige Ljouwerter is moandeitejûn let troch de plysje oanhâlden op de Lageweg yn Burgum. De man wurdt fertocht fan ynbraak. Minsken hiene sjoen dat de man by in hûs oan it omstrunen wie. Hy wie in garaazje yngien en kaam dêr mei guod wer út. Doe't de plysje kaam, hie de man hie him yn de boskjes ferskûle. In plysjehûn fûn him dêr.

De fertochte wie op in scooter kaam. It die bliken dat dy stellen wie. Der lei ark yn de boskjes. De man is meinaam nei it plysjeburo en hy sit noch fêst.

Trefwurden: 
ynbraak oanhâlden Burgum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)