Sânhotel Snits langer iepen

© Omrop Fryslân
It sânhotel yn Snits bliuwt langer iepen. De hotelkeamer is fêstige yn in acht meter hege sânskulptuer en makke ûnderdiel út fan it sânskulptuerfestival yn Snits. It festival is dien en de skulptueren binne fuorthelle, mar de unike slieplokaasje hat neffens de organisaasje safolle positive reaksjes hân dat besletten is it stean te litten en langer iepen te hâlden.
Minsken dy't in nachtsje sliepe wolle yn 'e sânkeamer, kinne de oernachting noch boeke.