"Krusing Wommels ûnfeilich"

Op de krusing by Wommels barre faak ûngelokken © Hendrik Jellema
De N359 moat as earste provinsjale dyk feiliger makke wurde. Dat is de dyk fan Ljouwert oer Boalsert nei De Lemmer. Dat docht bliken út in enkête dy't hâlden is troch de ANWB. Yn totaal hawwe 237 minsken meidien oan it ûndersyk. Goed sechtich persint dêrfan fynt op it trajekt benammen de krusing by Wommels ûnfeilich. It stik dyk tusken De Lemmer en Balk slingeret te bot wêrtroch't it oersjoch min is.
De N910 tusken Dokkum en Kollum moat neffens de dielnimmers ek oanpakt wurde, lykas de N354 tusken Snits en de A32 rjochting Ljouwert.