FNP: referindum mear autonomy

04 nov 2014 - 06:08

De FNP wol yn 2018 in referindum hâlde oer mear autonomy foar Fryslân. Dat stiet yn it konsept-ferkiezingsprogramma fan de partij dêr't Omrop Fryslan de hân op lein hat. It giet dan om mear sizzenskip oer sikehuzen, wenningkorporaasjes en soarchynstellings. It is neffens de FNP in saak fan ús allegearre dat soksoarte fan ûnderwerpen wer by de boarger werom komme.

De kommende fjouwer jier wol de partij dêroer yn diskusje mei de Friezen. Tagelyk mei de gemeenteriedsferkiezings fan 2018 moat der dan in referindum hâlden wurde.

In delegaasje fan de FNP wie koartlyn yn Skotlân doe't dêr stimd waard oer ûnôfhinklikheid. Se woene dêr sjen hoe't it referindum dêr wurke. Freed meie de leden har útsprekke oer it konsept ferkiezingsprogramma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)