Terrassen Dokkum meie bliuwe

Yn Dokkum kinne minsken tenei it hiele jier op it terras sitte. De regel om de stuollen op 1 novimber fuort te heljen wurdt opheft. Neffens it kolleezje fan boargemaster en wethâlders is it in oerstallige regel. Yn it ferline wie dy ynsteld om ferrommeling fan de binnenstêd foar te kommen.
Yn de rin fan de jierren die bliken dat de ferrommeling wol wat tafoel. Boppedat, skriuwt it kolleezje yn in útstel oan de gemeenteried, is it stean litten fan terrasstuollen goed foar smokers. Dy moatte sûnt it smookferbod yn de hoareka bûtendoar smoke.