Het Ambacht meast duorsum

Restaurant Het Ambacht op It Hearrenfean © Restaurant Het Ambacht
Restaurant Het Ambacht fan It Hearrenfean hat de priis foar meast duorsume restaurant fan it jier wûn. De priis wurdt útrikt troch de restaurant- en hotelgids GaultMillau. De lokale yngrediïnten en it sosjale ûndernimmerskip fan it Feanster restaurant waard troch de sjuery mei hege sifers beleanne.
Alle jierren liedt it restaurant tsien oant fyftjin jongeren op ta hoarekaprofesjonal. Boppedat wekt Het Ambacht syn eigen enerzjy op mei in waarmwetterpomp.