Hoarekawerf iepenet doarren
Op ien plak alles wat in hoareka-ûndernimmer witte wol foar de ynrjochting fan de saak. Dat is it idee efter 'Horeca-werf Noord-Nederland', dy't moandei yn Easterwâlde iepene is. Mar leafst 36 bedriuwen wurkje as partners gear yn dy opset dy't yn Amsterdam ûnder deselde namme al jierren mei súkses draait.
Fan ynterieurarsjitekt of sanitêrfabrikant oan leveransier fan folslein ynrjochte keukens of in pleatslik skildersbediruw ta. Jo fine it allegearre ûnder ien dak en yn wurkjende opstellings.
Inisjatyfnimmer Richard Spelde is optimisysk oer de kânsen fan it konsept foar de hoareka yn Noard-Nederlân. In soad partners diele it optimisme en ferwachtsje de kommende jierren in soad groei.