Man rêdt jonkje út driuwsân

03 nov 2014 - 19:00

De 26-jierrige Jelmar Mol fan De Gordyk hat moandeitemiddei in 5-jierrich jonkje rêden út driuwsân. It jonkje siet oant it boarst ta fêst yn it driuwsân yn it gebiet de Griene Long op De Gordyk. Tafallich kuiere Mol dêr del, doe't er it jonkje om help roppen hearde. Hy koe it slachtofferke earst net fine, mar doe't er it jonkje seach, besleat er sels in rêdingsaksje yn te setten.

Nei de rêdingsaksje belle Mol de plysje, sadat dy it modderige gebiet ôfsette koe om nije gefaarlike situaasjes foar te kommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)