"Noch gjin oerienkomst Riis"

It haadgebou fan Mooi Gaasterland © Wikipedia CC, Gouwenaar
Der is noch gjin definitive oerienkomst oer de húsfesting fan maksimaal 500 asylsikers yn Riis. Dat seit wurdfierder Henk Wolthof fan it Centraal orgaan Opvang Asielzoekers. Neffens Wolthof moat oer in pear lêste punten noch oerienstimming berikt wurde. Dat sil nei alle gedachten noch fan 'e wike barre.
Ut de oerienkomst sil dúdlik wurde hoefolle flechtlingen oft nei Mooi Gaasterland yn Riis komme en foar hoelang. Sa lang as it oantal yn it bestimmingsplan past, hat de gemeente De Fryske Marren dêr lykwols gjin sizzenskip oer.