"Tefolle asylsikers nei Riis"

Fiifhûndert asylsikers is tefolle foar in lyts doarp as Riis. Dat seit foarsitter Wink Blomsma fan Doarpsbelang Riis. Hy is ferrast troch it hege tal flechtlingen dat it COA yn Mooi Gaasterland
ûnderbringe wol. Blomsma is bang dat de gemeente De Fryske Marren de útwurking fan it hege tal asylsikers op it doarp ûnderskat.
Doarpsbelang fynt dat de gemeente alle basisbehoeften foar de flechtlingen yn 't foar regelje moat, sadat der gjin oerlêst ûntstiet. Neffens Blomsma wurdt dat lestich, om't it doarp bygelyks gjin eigen winkel hat.