Plysje no ek op Instagram

Plysje Noord-Nederlân giet moandei op Instagram. Instagram is lykas Twitter en Facebook in 'social medium', mei dat ferskil dat je op Instagram allinnich foto's en fideos diele kinne. De plysje makket ek al gebrûk fan Twitter en Facebook, mar wol mei Instagram it plysjewurk bekender meitsje by in jonger publyk. Gebrûkers fan Instagram binne oer it generaal jonger as dy fan Twitter en Facebook.
Moandei wurde de earste filmkes op it netwurk set en dy geane oer in motorplysje en in sjauffeur fan in fideowein. It giet earst om in proef.
Besjoch alle foto's en fideo's fan de plysje op www.instagram.com/PolitieNoordNL