Ekstra asfalt op Drachtsterwei

03 nov 2014 - 14:21

In stik dyk fan de Drachtsterwei by Ljouwert is út foarsoarch opnij asfaltearre, fanwege de ympekt fan it heiwurk foar de oanlis fan it akwadukt. Dêrneist fersakke in ferkearsboerd boppe de Drachtsterwei en begûn troch it wurk skeef te hingjen. It boerd is no mei giele bân fêstmakke. Neffens de provinsje sieten yn 'e Drachtsterwei foar it heiwurk al skuorren en is dit foar de wissichheid hersteld.

Dizze wike wurdt de dyk ekstra goed yn 'e gaten holden om te sjen oft der mear maatregels nedich binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)