"Stipe militêren goeie saak"

03 nov 2014 - 13:59

It fakbûn foar militêren VBM is bliid mei it foarstel fan de ChristenUnie om gesinnen fan militêren, dy't op missy binne yn it bûtenlân, ekstra stipe te jaan. Der soe yn dy gesinnen faker sprake wêze fan echtskieding en relaasjeproblemen.

By in bûtenlânske missy komt alle soarch foar it gesin ynienen by de partner fan in militêr te lizzen. En dêr moat mear stipe foar komme, fynt foarsitter Jean Debie fan it fakbûn VBM. Keamerlid Gert-Jan Segers fan de ChristenUnie wol dat der ûndersyk komt nei de fraach wêr't yn dy gesinnen ferlet fan is.

Om dy reden soe in missy ek net langer duorje moatte as trije moanne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)