Tariedings foar beurs Huis

De eardere beurs Huis & Tuin yn it WTC Expo © Omrop Fryslân
Foar de njoggende kear wurdt takom tongersdei de beurs Huis, Tuin en Wonen iepene yn it WTC yn Ljouwert. Mear as 180 standhâlders binne op 't heden dwaande it guod deryn te riden en út te stallen.
De wenbeurs is wat oerflak oanbelanget in bytsje lytser as ferline jier. Dochs rekkenet de organisaasje op 30.000 besikers, likefolle as ferline jier. De beurs Huis, Tuin en Wonen giet tongersdei iepen en duorret oant en mei sneintemiddei.