Auto's en rydbewizen ynnaam

03 nov 2014 - 06:44

De plysje op It Hearrenfean hat yn it wykein de rydbewizen en de auto's fan twa jonge Feansters yn beslach naam fanwege tige gefaarlik rydgedrach. It giet om twa manlju fan 18 en 19 jier. In motorplysje seach dat de twa tsjin mekoar oan it racen wiene op de Boargemaster Falkenawei yn it sintrum fan It Hearrenfean. Derby rieden de twa 120 kilometer de oere, wylst 50 dêr it maksimum is.

Ien fan de bestjoerders ried sels tsjin it ferkear yn. Fanwegen it gefaarlike rydgedrach hat de plysje de rydbewizen en auto's yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)