Man falt famkes lestich
De plysje yn Ljouwert hat sneintemiddei in man oanhâlden dy't op it Hoeksterpaad famkes lestich foel. De plysje waard warskôge. Doe't dy de man man oanhold, die al gau bliken dat de man drank op hie. Hy is meinaam nei it plysjeburo.