Zwart wint mei Nederlân EK

Erwin Zwart is snein mei it Nederlânsk kuorbalteam yn Portugal Europeesk kampioen wurden. De spiler fan LDODK fan De Gordyk en Terwispel krige yn de finale net in protte spylminuten. De finale tsjin België waard mei 32-20 wûn. Healwei wie it 20-11.
Erwin Zwart kaam fier yn de twadde helte yn it fjild, mar doe wie de wedstriid al spile. Hy makke noch in moai doelpunt, in skoare mei ien hân. Foar Nederlân, kuorballân by útstek, wie it de fiifde Europeeske titel.