Frysk poadium by sloeproeien

02 nov 2014 - 16:56

De roeisloepfroulju fan de Beluga út Snits hawwe sneon it Nederlânske kampioenskip sloeproeien wûn. Yn de 23e edysje Muiden-Pampus-Muiden foel de beslissing yn twa races oer 7,5 kilometer. De froulju fan de Pulp Fiction út Makkum gongen de finalewedstriid yn mei in lytse foarsprong, mar ferlearen in soad tiid yn de earste race nei Pampus troch in oanfarring. Dêrtroch gong de winst úteinlik nei de Snitser froulju.

It poadium wie folslein Frysk, want it brûns by it NK sloeproeien wie foar de froulju fan De Lytse Bear fan De Jouwer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)