Cambuur pakt punt by Willem II

SC Cambuur spile snein mei 1-1 lyk tsjin Willem II. Yn Tilburg krige Furdjel Narsingh de earste grutte kâns. Syn skot waard smoard, wêrnei't Etiënne Reijnen út in hoekskop de 1-0 op 'e holle hie. Hy fersomme lykwols de kopkâns te fersulverjen. Nei in healoere op 'e nij kânsen foar Reijnen, mar wer gjin treffer.
Nei rêst wie Willem II in stik gefaarliker. Mei noch in kertier op de klok helle Albert Rusnák de trekker oer foar de Ljouwerters en tekene foar de iepeningstreffer. Mei in soad striid makke Willem II yn ekstra tiid de lykmakker.