FVC pakt earste oerwinning

FVC pakte snein lang om let de earste punten fan it seizoen troch mei 3-2 te winnen fan De Bataven. Op sportpark Wiarda kaam FVC al nei 6 minuten op efterstân. Op slach fan rêst makke Ruurd Algra de lykmakker. Nei rêst wie it yn de 58e minút op 'e nij rekke foar de gasten út Gendt. Yn de 64e minút sette René Hoen de 2-2 op it boerd, wêrnei't Wesley Tankink in strafskop fersulvere en it Ljouwerter publyk op 'e banken krige mei de winnende treffer.
Nei 7 kear ferlies op rige pakt FVC mei de oerwinning de earste punten fan it seizoen.