Kramer rint nij parkoersrekôr

02 nov 2014 - 16:06

Hurdrinster Mariska Kramer út Drachten pakte snein mei oermacht de winst by de Beareloop op Skylge. Yn in nij parkoersrekôr fan 2.49 en 34 sekonden ferbettere se har âlde rekôr dat se 10 jier lyn rûn. Dat stie op 2.52 minuten en 54 sekonden.

By de manlju gong de winst nei Iwan Kamminga út Pekela. Hy wie oppermachtich en wûn yn in tiid fan 2 oeren, 28 minuten en 14 sekonden. Nûmer twa waard Jan Venhuizen út Bovensmilde, dy't mar leafst 10 minuten stadiger wie as de winner.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)