Suksesfol wykein foar Meijer

Rixt Meijer fan It Hearrenfean sjocht werom op in geweldich wykein. Op de lêste dei fan it NK ôfstannen snein yn Thialf ried se op de 5 kilometer in nij persoanlik rekôr fan 7.05,87, goed foar it sechsde plak.
Sneontemiddei klokte se al in nij pr op de 3 kilometer op it iis fan Thialf. Boppedat pakte se sneontejûn de winst by de tredde Maraton Cup wedstriid yn Utrecht. En dus wie der folop tefredenheid by de rydster fan team Palet.