Test by gasfjild Langsweagen

Gaswinning © ANP
Vermilion begjint moandei mei it testen fan in gasfjild by Langsweagen. De ôfrûne wiken is konstateard dat yn de grûn by it plak ierdgas sit. Om te sjen oft it geskikt is foar gebrûk moat it test wurde. Dat wurdt dien troch it ôf te fakkeljen, dat betsjut dat it ferbaarnd wurdt. Dat wurdt oerdei dien tusken 7.00 en 19.00 oere. De ferwachting is dat it testen sa'n ien of twa wiken duorje sil. Yn dy tiid wurdt in pear kear gas ôffakkele.