Achterfolging nei ynbraak

02 nov 2014 - 10:50

De plysje hat sneontenacht in 33-jierrige Grinzer oanhâlden nei't er ynbrutsen hie yn in tankstasjon op de Burgemeester Falkenaweg op it Fean. Doe't de plysje by it tankstasjon oankaam, koe in tsjûge melde dat de dief yn in grize bestelbus fuortriden wie. Letter seach de plysje sa'n soarte bus op de A7 by Drachten riden. De bestjoerder negearde it stopteken, mar nei in achterfolging koe de plysje de bus lang om let klem ride yn de stêd Grins. Yn de bestelbus lei in klûs dy't út it tankstasjon meinaam wie. De bestelbus sels wie ek stellen.

De fertochte wurdt snein heard. De plysje slút mear oanhâldingen yn dizze saak net út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)