Jonkje ûnder boulift

02 nov 2014 - 10:29

Op de Ivige Leane yn Lytsewierrum is sneintemoarn in jonkje fan 2 jier ûnder in boulift kommen. Op it hiem wiene bouwurksumheden geande. It broerke fan it slachtoffer hie de boulift yn wurking set. It jonkje bedarre dêr ûnder, mar doe gong de lift op de needstop en it jonkje rekke beknypt. Der waard grut alarm slein, ûnder oare de traumahelikopter is oproppen. De brânwacht moast it jonkje losmeitsje. Hy is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. Is is net dúdlik hoe slim oft syn ferwûnings binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)