Arjan Stroetinga wint Utrecht

Arjan Stroetinga © awfoto.nl
Arjan Stroetinga hat yn Utrecht de tredde maraton fan it seizoen wûn. Yn de finale wie de fiiffâldich Nederlânsk kampioen op keunstiis út Waskemar de rapste fan in kopgroep fan acht man. Dizze acht hiene in foarsprong fan twa rûntsjes op it peloton. Ploechmaat Ingmar Berga waard twadde. Jorrit Bergsma, ek fan de sterke A-ware/Fonterra ploech fan Jillert Anema, waard fiifde. Bob de Vries fan deselde ploech bliuwt yn it liederspak. Syn ploechmaten Jorrit Bergsma, Ingmar Berga en Arjan Stroetinga komme der achteroan. Harren macht is grut.