Aris ferliest fan Den Bosch

01 nov 2014 - 22:51

Aris is der sneontejûn yn sporthal It Kealledykje net yn slagge om de basketballers fan SPM Shoeters Den Bosch echt sear te dwaan. Einstân 94-72 foar Den Bosch. De gasten út Brabân wiene foar it skoft de bettere ploech en wûnen de earste twa kwarten mei rom ferskil. Healwei stie it 51-31 yn it foardiel fan Den Bosch. It tredde kwart wie mei 26-16 foar Aris, mar mei 27-15 luts de fyftjinfâldich Nederlânsk kampioen dúdlik oan it langste ein.

Trefwurden: 
Ljouwert Aris basketbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)