Grutte helpaksje op Iselmar

01 nov 2014 - 19:52

Op de Iselmar by Gaast hat sneontejûn in grutskalige helpaksje west, nei in melding fan brân op syljacht, twa kilometer fan de kust. De brânwacht, fiif rêdingsboaten, in helikopter en de kustwacht waarden ynskeakele. De omstannichheden wiene dreech, troch it tsjuster en de ûndjipten yn de Iselmar. Uteinlik die bliken dat der mar ien man oan board wie. Dy wie by it blussen oerboard rekke, mar hy koe sels nei de kant swimme. Hy hie goede silersklean oan en rekke net ferwûne. It jacht is sonken foar de kust.

Rykswettersteat besjocht snein hoe't fierder mei it skip moat. It is net dúdlik wat de oarsaak wie fan de brân. De rêdingsboaten dy't oan de helpaksje meidiene, kamen fan Hylpen, Den Oever, Medemblik en Andijk. Ek de brânwacht fan Koudum en Warkum wurken mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)