Noed by taksybedriuwen

Fryske taksybedriuwen meitsje harren soargen oer de takomst. Der komt hieltyd mear konkurrinsje fan priisfjochters. Boppedat binne de brânstofprizen de lêste tiid flink omheechgien. Ferskate bedriuwen hawwe it idee dat guon priisfjochters ûnder de kostpriis wurkje. Sadwaande is it hiel dreech om nije opdrachten te krijen.
Taksybedriuw NOF yn Kollumersweach is sels benaud foar it fuortbestean fan it bedriuw, as der nije oanbestegings dien wurde moatte.
FNV Bondgenoten lit yn in reaksje witte dat se de minne situaasje herkenne. It giet min mei de taksybrânsj en dat komt ûnder oare troch de opdrachtjouwers. Dy sjogge yn de regel te folle nei de prizen en te min nei de kwaliteit dy't taksybedriuwen biede. Boppedat kinne guon priisfjochters de easken dy't opdrachtjouwers stelle net iens wiermeitsje, mar dat wurdt faak net kontrollearre, seit in wurdfierder fan FNV Bondgenoten.