Frysk sukses op NBK

01 nov 2014 - 17:13

De Spikerpakkeband út Bakkefean hat sneon goud wûn yn de earste divyzje op de Nederlânske kampioenskippen Brassband yn Utrecht. Goud wie der ek foar De Bazuin B út Oentsjerk, dy't de bêste skoare helle yn de twadde divyzje.

Sneontejûn stiet de finale yn de kampioensdivyzje op it programma, dêr't ûnder oare De Wâldsang út Bûtenpost, De Bazuin út Oentsjerk en Soli Brass fan Ljouwert stride om it Nederlânsk kampioenskip.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)