Lykspul foar Drachtster Boys

01 nov 2014 - 16:31

Drachtster Boys pakte sneon in 1-1 lykspul tsjin Excelsior '31. Yn Rijssen kamen de Drachtsters yn rekôrtempo op foarsprong. Al nei 35 sekonden spyljen sette Sicco Bouwer de iepeningstreffer op it boerd. De ploech fan trainer Fred de Boer wist dizze foarsprong oant it skoft fêst te hâlden.

Yn de twadde helte kaam Excelsior '31 lykwols dochs op likense hichte. Beide ploegen slaggen der net mear yn te skoaren en moasten sadwaande de punten diele.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)