Kaartferkeap NFF ek oan baalje

01 nov 2014 - 16:12

It Noordelijk Film Festival hat sneon in ekstra kaartferkeap oan de baalje yn it Fries Museum yn Ljouwert opset, neist de online kaartferkeap. Njonken de haadfilms wie benammen in soad belangstelling foar de films yn de lytse sealen. Mei in programma-oanbod fan mear as 150 films hopet de organisaasje dit jier goed 20.000 besikers nei it festival te lûken. Dat soe útkomme op 3.000 mear as ferline jier.

It filmfestival begjint woansdei en duorret oant en mei snein 9 novimber.

Yn gearwurking mei Omrop Fryslân is in dokumintêre fan Pieter Verhoeff te sjen oer komponist en programmamakker Cees Bijlstra. Hy ferstoar tsien jier lyn. De earste ôfleveringen fan de nije televyzjesearje De útflecht fan Omrop Fryslân binne yn in bus by De Harmonie te sjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)